ONS ferliest fan Genemuiden
Sneonshaadklasser ONS Snits spile yn en tsjin Genemuiden. De Snitsers ferlearen kânsleas mei 3-0. Foar it skoft stie Genemuiden al foar mei 2-0.
Yn de twadde helte makke de ploech út Genemuiden it tredde doelpunt. Genemuiden wie folle better as de Snitsers en krige in protte kânsen, mar gelokkich foar ONS bleau it mar 3-0.