Kapfergunning Harns skorst

04 okt 2008 - 15:44

In gebou oan de Skoalstrjitte yn Harns mei foarearst noch net omboud wurde ta parkeargaraazje. De rjochtbank fan Ljouwert hat de bou- en kapfergunning dy't de gemeente Harns ôfjûn hat, skorst. De garaazje moat ûnderdiel wurde fan in nij hotel.

Dat komt yn it eardere kantoar fan de Waadferiening oan de Foarstreek. De feriening Ald Harns hie beswier makke tsjin de fergunning dy't de gemeente ôfjûn hie foar de kap fan in monumintale beam yn de eftertún.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)