Proeftiid smoken is foarby

04 okt 2008 - 14:56
  • Offisjeel mei allinne bûten smookt wurde
  • Mar binnen wurdt ek noch wol paft

De proeftiid foar hoareka-ûndernimmers oangeande it smoken is no foarby. Kroegen dy't it smoken binnen tastean, krije no gjin warskôging mear, mar in boete. Oant no ta binne der lanlik 218 warskôgings útdield.

Mar guon ûndernimmers lykje har der neat fan oan te lûken. Hieltyd mear kafees sette de jiskepannen gewoan wer op tafel. It Ljouwerter hoarekabûn is min te sprekken oer kafees dy't it smoken tastean. It is ûnearlike konkurrinsje, sa seit it bûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)