Kok wint maraton Drachten

© Omrop Fryslân
De heale maraton fan Drachten is sneon wûn troch Benjamin Kok fan Jistrum. Kok rûn de heale maraton yn in tiid fan 1.10,07 en dat is in nij persoanlik rekord. Rudie van der Lelie fan Jobbegea waard twadde op twa minuten en 24 sekonden fan de winner. Yvonne Kassenberg fan Burgum wûn it by de froulju yn 1.26,33.
It wie de lêste wedstriid fan it Frysk rinsirkwy. Van der Lelie waard einwinner by de manlju, Lydia Klessens fan Ljouwert by de froulju.