Sven Kramer by moarnsbrochje

04 okt 2008 - 13:47

Reedrider Sven Kramer fan It Hearrenfean jout op moandei 27 oktober it startskot fan it nasjonaal skoalmoarnsbrochje yn Utert. Oan it brochje dogge in heal miljoen skoalbern en 2200 basisskoallen mei.

It doel is de bern te learen dat it sûn is om alle dagen út ein te setten mei in moarnsbrochje. Ek leare se wat goed is om te iten. It is de bedoeling dat de bern dy ynformaasje trochjouwe oan de âlden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)