Starteilân Grou yn oare hannen

It behear fan it starteilân Pikmar by Grou is sneontemoarn offisjeel yn hannen kaam fan de stifting Zeilsport Grou. Dat is in kombinaasje fan trije wettersportferienings en jeugdherberch Oer 't Hout.
De Marrekrite bliuwt eigner fan it eilân, mar frijwilligers fan de stifting sille der foar soargje dat it kreas bliuwt. Foar de gewoane, rekreative boatsjeminsken feroaret der net in soad. Dy kinne as der gjin wedstriden binne, fergees oanlizze.