Himpkwekerij fûn yn Ljouwert

© Omrop Fryslân
De plysje yn Ljouwert hat freed yn in wenning oan de Krijn van den Helmstrjitte in himpkwekerij oantroffen. De ynfal waard dien nei oanlieding fan in tip. Yn in sliepkeamer waarden 90 planten oantroffen.
De planten en ek de apparatuer binne yn beslach nommen. Ek waarden der yn de wente fjirtich wikkels mei kokaine fûn. Ek dit guod is yn beslach nommen. In 25-jierrige bewenner is oanholden en oerbrocht nei it plysjeburo.