Taksypersoniel noch gjin jild

04 okt 2008 - 10:36

It personiel fan Taksysintrale Noordwest Fryslân hat noch hieltyd gjin salaris útbetelle krigen oer septimber. It taksybedriuw hat útstel fan betelling oanfrege, want it kin de leanen net mear betelje. In fallissemint fan it bedriuw is net mear foar te kommen.

Taksysintrale Noordwest Fryslân is in goed jier lyn ûntstien út in fúzje. It tekoart fan it bedriuw is yn in jier oprûn nei fjouwer ton.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)