Omstanners pakke strjitrôver

03 okt 2008 - 20:53

Omstanners ha freed op It Aldehoustertsjerkhôf yn Ljouwert in 36-jierrige strjitrôver oanhâlden. De man hie krekt dêrfoar in beurs stellen fan in 81-jierrige frou. Dy hie oan it pinnen west. Doe't se har beurs yn de fytstas die pakte de man de beurs en naaide út.

Omstanners dy't de frou razen hearden setten daliks de efterfolging yn en koene de man oanhâlde. De plysje hat de man meinaam nei it plysjeburo.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)