VMBO Magister Alvinus ´swak´

© Omrop Fryslân
De VMBO-opliedings fan RSG Magister Alvinus yn Snits krije in grouwe ûnfoldwaande fan de ûnderwiisynspeksje. Dat docht bliken út in rapport dat de opliedings it stimpel ´tige swakke skoalle´ jout.
Neffens de ynspeksje smyt it ûnderwiis te min op en dat is ûnder oare te sjen oan de lege eksamensifers. Ek op in tal oare punten dogge de opliedings it net goed. Neffens de ynspeksje hat it ûnderwiis te lijen fan ´gebrek oan respekt' fan 'e learlingen.