Al 200 minsken by Burgernet

Al mear as 200 minsken hawwe har oanmeld foar Burgernet fan plysje Fryslân. De plysje is mear as tefreden omdat it systeem noch mar twa dagen lyn út_ein_set is en de kampanje om minsken te werven noch begjinne moat.
Burgernet hâldt yn dat boargers ynskeakele wurde by it opspoaren en oanhâlden fan kriminelen. Oant no ta kinne allinnich yn Dantumadiel en Ljouwert minsken har oanmelde. Wa´t ek meidwaan wol, kin him opjaan by burgernet.nl of de mailing ôfwachtsje.