Grutte drokte by brillewinkels

03 okt 2008 - 15:00

Optisiens hawwe it op ´t heden smoardrok mei klanten dy´t noch foar 1 jannewaris in bril of kontaktlinzen keapje wolle. Troch in gat yn de belestingwet kinne in soad minsken de oankeappriis werom of sels jild ta krije. As je foar de ein fan dit jier mar op syn minst 303 euro útjûn ha oan in nije bril.

Wa´t helpmiddels nedich hat by it sjen, wurdt troch de fiskus beskôge as groanysk sike en kin op syn meast 821 euro ôflûke fan de belesting.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)