Bytsje útkearings yn T´diel

© Omrop Fryslân
It tal minsken mei in útkearing yn Tytsjerksteradiel is histoarysk leech. It giet om 258 minsken op in ynwennertal fan goed 32.000 minsken.
Neffens de gemeente komt dat trochdat Tytsjerksteradiel minsken bliuwend út de bystân helpe wol. De gemeente biedt de minsken in persoanlik trajekt oan om oan wurk te kommen. Tytsjerksteradiel hat dêr sels spesjalisten foar yn tsjinst, dy´t streekrjocht kontakt ha mei mooglike wurkjouwers en dat docht fertuten.