Gjin jildpine Eaststellingwerf

03 okt 2008 - 14:35

De gemeente Eaststellingwerf stiet der finansjeel goed foar. Dat docht bliken út de begrutting foar 2009. De gemeente ferwachtet takom jier sa´n ton oer te holden. Ek de trije jier dêrop ferwachtet Eaststellingwerf in begrutting yn ´e plus.

De gemeente hat fierder de reserves opnij besjoen. Dêrút docht bliken dat risiko´s goed droegen wurde kinne. De lokale belestingen hoege troch dit goede perspektyf dan ek mar in bytsje oanpast te wurden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)