Mboua op bank, Maachi yn basis

03 okt 2008 - 11:40
  • Menzo kiest foar de wer fitte Maachi

Trainer Stanley_Menzo kin oer in hast folslein fitte seleksje beskikke foar de thúswedstriid tsjin Haarlem. It is in duel tusken twa middenmoaters: Haarlem stiet 9e, Cambuur 14e.

De iennichste feroaring yn fergeliking mei de ferlerne wedstriid tsjin de Go Ahead Eagles is dat Marc_Mboua op de bank plaknimme moat. De Kameroeneeske ynternasjonal is op it stuit net yn foarm. Menzo kiest dêrom foar de wer fitte Nassir_Maachi as linkeroanfaller.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)