Wurdearring foar ´ús´ windmill

It Fryske filmke ´The Windmill´ is tongersdei goed út ´e bus kaam by it Filmfestival yn Utrecht. It filmke wie nominearre foar de ynternetpriis fan it NFF. Der binne hast sechstich filmkes ynstjoerd. The Windmill einige by de bêste trije.
It filmke is fan Heerko_Groefsema en Giso_Spijkerman fan ´e oplieding Communication en Multimedia Design fan ´e NHL. Omrop Fryslân lit it filmke geregeld sjen oan ´e begjin fan ´e televyzjeútstjoering.