Lesten Snits bliuwe gelyk

03 okt 2008 - 10:16

Foar ynwenners fan Snits geane de gemeentlike lesten takom jier amper omheech. De gemeente fynt grutte ferhegings net nedich, omdat de begrutting der poerbêst útsjocht.

Snits hat de mooglikheid om de kommende jierren struktureel hast oardel miljoen euro ekstra it jier út te jaan. It jild sil benammen brûkt wurde foar ûnderhâld fan diken en gebouwen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)