Taksysjauffeurs bekeurd

© Omrop Fryslân
De plysje hat tongersdei yn Drachten spesjaal op taksys kontrolearre. Dat barde neidat der klachten kaam wiene oer taksys dy´t kontrakten hawwe soene mei guon organisaasjes om foar harren it ferfier te dwaan.
De sjauffeurs dy´t oanhâlden waarden, krigen ûnder oare bekeurings foar it net omhawwen fan de riem. Ien sjauffeur krige in bon omdat syn remmen net yn oarder wiene.