Boarnsterhim: 1 miljoen skuld

03 okt 2008 - 09:58

De gemeente Boarnsterhim ferwachtet oan ´e ein fan dit jier noch in skuld te hawwen fan 1,25 miljoen euro. Dat sei wethâlder Van_der_Meulen freedtemoarn by de presintaasje fan ´e hjerstnota. It tekoart is heger as in jier lyn. Mar de gemeente is dochs tefreden, want earder dit jier wie it tekoart hast twa miljoen.

Dat it no minder is, komt trochdat Boarnsterhim jild fertsjinne hat mei de ferkeap fan grûn. De gemeente stiet ûnder finansjeel tafersjoch.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)