Skeiner jonkje socht yn Dokkum

© Omrop Fryslân
De plysje is op syk nei in man dy´t twa wiken lyn yn Dokkum in 9-jierrich jonkje misbrûkt hat. De jonge fytste jûns kertier oer achten op it fytspaad fan ´e Strobossertrekwei doe´t de man him fan de fyts luts. Yn de boskjes waard it bern misbrûkt. De man soe dêrnei hurd fuortrûn wêze yn de rjochting fan ´e Lauwersseewei.
Fan de man is allinnich bekend dat er in donkere trui oan hie mei in deadskop derop. De plysje freget tsjûgen.