Gaasterlân kiest Skarsterlân

© Omrop Fryslân
Gaasterlân-Sleat kin it bêste fusearje mei Lemsterlân en Skarsterlân. Boargemaster en wethâlders kieze nei yngeand ûndersyk yn opdracht fan de ried foar de Sleattemer fariant.
Mei op grûn fan petearen mei de ynwenners fan de gemeente, komme B. en W. mei de kar foar Lemsterlân en Skarsterlân. Belangrykste reden is dat de trije gemeenten wat aard en grutte oangiet it bêste byelkoar passe. In fariant mei Snits, Wymbritseradiel en Nijefurd soe te grutskalich wurde.