Drokte by Himeltsjepreken

© Omrop Fryslân
De Himeltsjepreken yn museum it Damshûs yn Nij_Beets binne sa populêr dat der snein foar de tredde kear yn in moanne tiid ien hâlden wurdt. De earste kear moasten mear as hûndert minsken wer nei hûs omdat it fol wie.
Himeltsjepreken binne gjin gewoane tsjerketsjinsten. It museumtsjerkje is in frijplak foar minsken mei in bysûnder ferhaal. It binne gjin dûmnys, mar minsken dy´t om oare redenen yn de skynwerpers stean, lykas akteur Rinse_Westra.