Bûn: smookkroegen oanpakke!

Yn lytse kroegen mei ek net smookt wurde
It hoarekabûn yn Ljouwert fynt dat der hurd optreden wurde moat tsjin kroegen dêr´t stikem smookt wurde mei. Hieltyd mear kafees sette it jiskepantsje wer op ´e stamtafel. Benammen lytse kroegen skeine it smookferbod dat op 1 july yngien is. Sy sizze dat de omset dêrtroch flink nei ûnderen gien is.
Sûnt woansdei is minister Klink fan Folkssûnens net mear myld foar dejingen dy´t ha net oan ´e wet hâlde. Der wurdt net mear warskôge, mar fuortendaliks bekeurd.