Gariper Skomke út ´e hannel

Gariper Skomke wurdt net mear ferkocht
Buertferiening De Westerein hâldt op mei de ferkeap fan it Gariper Skomke. It spesjale bier wie eins makke foar it doarpsfeest fan Garyp, mar de belangstelling wie ek dêrnei noch sa grut dat de ferkeap op ynternet noch in pear wike trochset is.
Al mei al binne der 1250 fleskes ferkocht. En dat binne goed 500 mear as earst de bedoeling wie. It Gariper Skomke wie makke oan de hân fan in resept út de Midsieuwen.