Hûndert stegerplanken stellen

02 okt 2008 - 10:50

Fan in boat oan de Tolhúswei yn Ljouwert binne tiisdeitenacht goed 100 hurdhouten stegerplanken stellen. De dieders moasten aardich wat muoite dwaan om by it hout te kommen.

Se moasten earst oer in oar skip en in tal flotten klimme. Se hawwe mear as hûndert planken fan 1 meter 80 lang nei de wâl brocht en meinaam. Mei elkoar giet it om twatûzen kilo oan hout. De plysje tinkt dat de dieders in frachtwein brûkt hawwe of in pear kear op en del riden binne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)