Ferwûne troch ûntwiken knyn

02 okt 2008 - 10:45

In 47-jierrige man út Ljouwert is woansdei op It_Hearrenfean ferwûne rekke nei´t er mei syn bromfyts in knyn ûntwike woe. Hy woe foarkomme dat er oer de knyn hinne ried, mar rekke wol de kontrôle oer it stjoer kwyt doe´t er oan it stjoer skuorde.

Hy rûn mei ferwûnings nei it bedriuw dêr´t er wurke. Dêr is er úteinlik mei in heechwurker úthelle om´t er stabilisearre wurde moast. Hy is mei pine yn ´e nekke nei it sikehûs fan It Hearrenfean oerbrocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)