Bibliobus swier skansearre

02 okt 2008 - 10:30

De bibliobus fan de Biblioteektsjinst kin de kommende wiken net ride. Dêrom krije skoallen yn Boarnsterhim en Tytsjerksteradiel in skoftke gjin boeken. De bibliobus rekke swier skansearre by in ûngelok tongersdei op bedriuweterrein De_Himrik yn Ljouwert.

De bestjoerster fan de bus woe op de Suderkrúswei ôfslaan nei de Planetenlaan, doe´t der fan links in bestelbuske kaam. De frou tocht dat de auto ôfslaan soe en stuts de dyk oer mei in oanriding as gefolch.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)