Fryske Marlene Dietrich

01 okt 2008 - 22:14

Nei The Beatles, Bob_Dylan en Leonard_Cohen, sil no ek it repertoire fan Marlene Dietrich yn it Frysk útfierd wurde. De 25-jierrige Tet_Rozendal fan Feanwâlden hat in folsleine muzykshow makke fan it wurk fan de Dútske artyste.

De show spilet him ôf yn it dekôr fan in Berlynske nachtklub. Rozendal wurdt begelaat troch de muzikanten Marius_de_Boer en Tseard_Nauta.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)