Lobby Frysk docht fertuten

Lobby liket fertuten te dwaan
De lobby foar it opnimmen fan it Frysk yn de grûnwet liket fertuten te dwaan. Fryske Steateleden ha der woansdei by Keamerleden foar pleite. It CDA hat sein dat de minister nochris nei de kwestje sjen moat. Ek de PvdA stiet der posityf foar oer. De partijen PVV, GroenLinks, D66 en SP sizze dúdlik dat as it Nederlânsk yn de grûnwet komt, dat dan ek it Frysk as twadde rykstaal derby moat.
Der liket dus in iepening te wêzen. It wurd is no oan de minister.