Aksje foar katolike skoalle

01 okt 2008 - 16:54

By foldwaande ynskriuwings komt it Tjalling_Koopmans_College yn Hurdegaryp. Dat waard tiisdei dúdlik by in debat yn de Twadde Keamer oer de nije middelbere skoalle. Earder joech steatsekretaris Bijsterveld in negatyf advys. Neffens har kinne learlingen foar katolyk ûnderwiis nei it Marnekolleezje yn Boalsert.

D66, VVD, SP en Groenlinks binne foar de komst fan de skoalle. Fia in webside wolle de inisjatyfnimmers genôch ynskriuwings krije.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)