Mear studinten Frysk oan RUG

It tal studinten Frysk oan de Ryksuniversiteit Grins nimt ta. Yn de ôfrûne tsien jier is it persintaazje haadfakstudinten mei mear as 300 prosint omheech gien. Yn it stúdzjejier 1998/1999 wienen der noch sân haadfakstudinten, no tsien jier letter binne dat der trijentweintich.
Dêrneist binne der in protte studinten dy't ien of twa Fryske kolleezjes as byfak folgje. Dat lêste is troch de opset fan de fleksibele bachelor makliker wurden.