Aksje foar Frysk yn de grûnwet

01 okt 2008 - 11:50

Twa bussen mei 90 Friezen binne woansdei op wei nei Den_Haach om aksje te fieren foar it Frysk yn de grûnwet. Yn in kommisjegearkomste wurdt praat oer de oanpassing fan de grûnwet.

De minister hat ferline wike sein dat inkeld it Nederlânsk de offisjele taal fan Nederlân is, mar de Fryske Steaten ha in foarstel makke. Dêryn stiet dat yn Fryslân ek it Frysk in offisjele rykstaal is. Fryske Steateleden hoopje dat de minister de grûnwet oanpasse wol.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)