Frou út Wikel slim mishannele

01 okt 2008 - 11:22

In frou (45) út Wikel is tiisdeitejûn mishannele oan de Spanjaardsdyk yn Sleat. Se ried nei hûs doe't in auto mei twa mannen achter har kaam. Nei ljochtsinjalen sette de frou har auto oan 'e kant. De oare auto stoppe ek en in man kaam nei har ta. De frou is troch it autorút beetpakt, tsjin de holle slein en mei de holle tsjin de doar slein. Se koe letter fuortride en is nei it sikehûs brocht.

De plysje hat fergees om de auto en de mannen socht. Tsjûgen kinne har melde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)