Berneboekewike begûn

Bern oan it dichtsjen by Tresoar
De lanlike berneboekewike is woansdei begûn. Tema dit jier is poëzy. By Tresoar wiene twa workshops dichtsjen, mei bern fan de groepen 7 en 8 fan in skoalle út Ljouwert en ien út Bitgummole. De bern learden gedichten te skriuwen oer bisten en rapper Remon fertelde oer poëzy en muzyk. De berneboekewike duorret oant en mei 11 oktober.
Skoallen en biblioteken yn Fryslân jouwe ek ekstra omtinken oan Fryske berneboeken yn dizze perioade.