Feardaam kostet Amelân jild

30 sep 2008 - 22:20
  • Feardaam kin gemeente hoop jild kostje

De gemeente It Amelân is yn de takomst mooglik miljoenen euro's kwyt oan it ûnderhâld fan de feardaam. Dat is de konklúzje fan de rekkenkeamerkommisje fan it eilân. De feardaam is ien fan de objekten dy't it eilân yn 2004 oerdroegen krigen hat fan it Ryk.

It âlde kolleezje fan It Amelân hie bettere ôfspraken meitsje moatten oer de finansjele risiko's fan de daam, fynt de rekkenkeamer. Boargemaster en wethâlders ha te solistysk optreden en gjin advys frege fan de rie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)