Kollumerlân bliuwt bestean

© Omrop Fryslân
In weryndieling fan Kollumerlân mei Achtkarspelen is definityf fan de baan. Ek boargemaster en wethâlders fan Kollumerlân sjogge in fúzje net mear sitten. Earder stimde de ried al tsjin. Fierder die út ûndersyk fan buro Berenschot bliken dat in fúzje mei allinnich Achtkarspelen net folle foardielen hawwe soe.
B. en W. wolle no op termyn sjen nei in fúzje mei de saneamde nofagemeenten: Achtkarspelen, Dantumadiel, Dongeradiel en Kollumerlân.