Flyers lûkt nije spilers oan

30 sep 2008 - 14:52

Iishockeyklub Hearrenfean_Flyers hat fjouwer nije spilers fêstlein. It giet om Jay Chrapala út Kanada, de Amerikanen Travis Chapman en JD McCabe en de Nederlanner Sjoerd Idzenga. Chrapala is helle as earste goalie, Idzenga as twadde. Dy funksje hie hy ferline jier ek al. De twa Amerikanen binne beide ferdigeners.

Flyers moast op syk nei nije spilers om't Paul Kroon, Martijn Maghielse en Andrew Derton der mei ophâlden binne of by in oare klub spylje wolle.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)