Gemeenterie better ynformearje

30 sep 2008 - 14:40

It ynformearjen fan de gemeenteried fan Weststellingwerf oer it ûnderhâld fan de iepenbiere wegen en de finansjele konsekwinsjes fan de beliedsplannen op dat mêd, kin better. Dat seit de rekkenkeamerkommisje fan de gemeente yn it rapport 'Goede sturing, geen half werk'.

De maatskiplike doelen fan it behear soene net goed ta útdrukking komme. Ynsicht yn de plannen en in goeie planning is foar de ried tige wichtich om it wurk goed út te fieren.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)