Friesland Bank sponsoret lift

De Aldehou krijt in lift
De Friesland Bank wurdt haadsponsor om in lift te realisearjen yn de Ljouwerter Aldehou. De bank stipet it inisjatyf fan in lift yn dit markante gebou, omdat it graach in bydrage leverje wol oan it befoarderjen fan de Ljouwerter kultuer.
It plan foar de lift yn de Aldehou bestiet út in ynrjochtingsplan ûnder yn 'e toer en in panoramalift, om sa de earste ferdjipping beskikber te hawwen foar eksposysjes en byienkomsten.