Stjonkfeart Bakkefean oanpakke

© Omrop Fryslân
Wetterskip Fryslân giet op syk nei in oplossing foar de stjonkfeart yn Bakkefean en hat der betrouwen yn dat soks slagget. Mar dêrfoar hat it Wetterskip de help fan Doarpsbelang Bakkefean nedich. Want allinnich wannear't dúdlik is op hokker momint de feart stjonkt, is de oarsaak te achterheljen.
It hat nei alle gedachten te krijen mei in kombinaasje fan hege temperatueren en te min trochstreaming fan it wetter.