Jild op banken net yn gefaar

Gjin soargen om sparjild
Friezen dy't net belizze yn oandielen hoege har gjin soargen te meitsjen oer de bankkrisis. Dat seit Klaas Engelse fan Rabobank Ljouwert NW-Fryslân. It jild is feilich en net ien hoecht nei de bank om it derôf te heljen.
De lytse belizzer moat der wol rekken mei hâlde dat er no jild ferliest. Krekt lykas de grutte beursfûnsen. Dat binne foar it grutste part pensjoenfûnsen. No't dy in soad jild ferlieze ferwachtet Engelse dat de pensjoenpreemje aanst omheech moat.