Hurdere oanpak mei âld en nij

© Omrop Fryslân
Alders fan relskoppers dy't foar skea soargje mei âld en nij, moatte ék oanspraaklik steld wurde. It advys fan de kommisje De Graaf oer de maatregels foar âld en nij, dat moandeitemiddei presenteard waard - giet dêrom net fier genôch.
Dat fynt korpsbehearder Ferd Crone fan de plysje yn Fryslân. Neffens Crone stimulearje guon âlders sels it ferkearde gedrach fan harren bern. It liket derop dat der dan efkes gjin wet is.