Besite Bos yn teken krisis

30 sep 2008 - 07:08
  • Bos yn Ljouwert (foto: Tjerk de Jong)

Wouter Bos soe moandeitejûn as partijlieder fan de PvdA by syn Fryske achterban del, mar wie troch de krisis by de Fortisbank sawat de hiele dei as Minister fan Finânsjes oan it wurd.

Alle lanlike media stiene yn 'e rige om it oer de krisis op de beurzen te hawwen, sadat it yn Ljouwert oer de mineurstimming by syn achterban mar kwalik mear gie. Bos waard ferskate kearen fuort roppen om foar de media te reagearjen op de finansjele krisis en de sakjende beurskoersen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)