Ried wol fan lûdswâl ôf

29 sep 2008 - 23:03

De lûdswâl by Winsum moat der wei. De oanlis hat in flater west, dy't no rjochset wurde moat fynt de gemeenterie. De wâl waard by fersin oanlein omdat amtners mienden dat in lûdswâl ferplicht wie, mar in nije amtner ûntduts dat it net sa wie.

Ynwenners fan Winsum ha fan it begjin ôf tsjin de bou west. De oanlis koste mear as in ton. Ofgrave kostet nochris mear as 10.000 euro. Wethâlder Franke Doting kaam net yn problemen, omdat er iepen oer de flater west hat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)