VVD: feroarje SNN-regels

29 sep 2008 - 16:52
  • Van Mourik: SNN-regels oanpasse

De subsydzjebetingsten fan gearwurkingsferbân Noord-Nederland SNN moatte feroare wurde. Dat fynt fraksjefoarsitter Tom van Mourik fan de VVD yn de Fryske Steaten. Neffens de regels kinne Fryske bedriuwen de SNN-subsydzje krije as de helte fan de jierlikse besikersoantallen fan bûten Noard-Nederlân komme. Mar dat is hast net mooglik, seit Van Mourik.

Hy pleitet foar soepeler regels foar nije projekten. Ek fynt Van Mourik dat Aqua Zoo it taseine jild wol ha moat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)