WK winkelkarsmiten in súkses

Ien fan 'e dielnimmers yn aksje...
Mei 400 dielnimmers is it earste WK winkelkarkesmiten yn Ljouwert snein in súkses wurden. De winkelweinen waarden net echt smiten mar treaun. It earste wrâldrekord stiet no op 39 meter.
Der wie ek in bernebaan mei lytse karkes en in baan, dêr't dielnimmers in folle winkelwein nei in doel rôlje moasten. It publyk kaam der manmachtich op ôf. Neffens de organisaasje wiene der sa'n 2500 taskôgers. De winner krige in karre mei boadskippen.