No al krityk op Himdykbrêge

29 sep 2008 - 15:31

De iepening fan de nije Himdykbrêge yn Akkrum wie moandei net al te feestlik. De âlde betsjinbere brêge is ferfongen troch in fêste. En dat falt net goed by de measte Akkrumers. It werkenbere doarpsgesicht is ferdwûn en dêrneist is de brêge ek nochris fierstente leech, sa sizze omwenners.

De brêge wie moandei ek noch net iens echt klear, want de relings moasten noch pleatst wurde, de bestrjitting wie noch net klear en de needbrêge lei der ek noch.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)