SNN-gearkomste skrast

© Omrop Fryslân
De algemiene bestjoersgearkomste fan it gearwurkingsferbân Noard-Nederlân, it SNN, giet moandei net troch fanwege it ferstjerren fan Kommissaris fan de Keninginne Relus ter Beek fan Drinte.
Kommissaris John Jorritsma, fynt dat sa'n gearkomste no net kin. Jorritsma is op it stuit SNN-foarsitter. Op de gearkomste yn it provinsjehûs yn Ljouwert soe praat wurde oer it mooglik ferdielen fan subsydzjes yn striid mei de regels. De PvdA en de SP hawwe hjir fragen oer steld.