Unwisse tiden foar ABN-Amro

29 sep 2008 - 11:54

It binne ûnwisse tiden foar de mear as hûndert meiwurkers by de 18 filialen fan ABN-AMRO yn Fryslân. As ûnderdiel fan it rêdingsplan foar Fortis moat de bank har oandielen yn ABN-AMRO wer trochferkeapje. Wylst de oername troch Fortis noch net iens útwurke is, is de folgjende oername al wer kommende wei.

As wurknimmers fan ABN-AMRO yn Fryslân de kâns krije om oer te stappen nei in oare goeie baan, dan moatte se dat fral dwaan. Dat advisearret Seffinga fan Dienstenbond CNV syn leden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)