Snits wint fan De Bataven
Sneinshaadklasser Snits Wyt Swart spile yn Gendt (Gelderlân) tsjin De Bataven. De Snitsers wûnen mei 1-0 troch in doelpunt fan Klaas Schotanus. It wie in tige fertsjinne oerwinning, want Snits wie de hiele wedstriid de bettere ploech.
De Bataven stean mei nul punten ûnderoan. Snits Wyt Swart hat no seis punten út fjouwer wedstriden.